Skip to content

Rotonde: Eirik Jahnsen

Compressed


VHDG

Rotonde Julianalaan

Rotonde Julianalaan, tegenover Curioskerk en Julianapark


Expositie

zo, 01 dec. 2019 / di, 31 dec. 2019

24 uur per dag te zien


Rotonde: Eirik Jahnsen

Op de rotonde oan de Julianaleane yn Ljouwert stiet in bysûnder objekt: in gearparse blok metaal. Oait wie dit in auto. In grize Peugeot, ien syn ferfiermiddel. Keunstner Eirik Jahnsen liende dit autowrak by autosloperij A.S.O. Metall- und Schrotthandel yn Bunde, Dútslân. It autowrak waard hjir gearparse om recycle te wurden. De keunstner transportearre dit blok materiaal nei Ljouwert en pleatste it op de rotonde. Dêrmei transformearret hy it eardere gebrûksfoarwerp ta in tydlike skulptuer. Nei de tentoanstellingsperioade fan ien moanne giet it blok werom nei de autosloperij. Dêr sil it syn wei ferfolgje yn de omrin fan de autoyndustry: as rûch materiaal dat wer brûkt en yn nije produkten ferwurke wurde sil.

Eirik Jahnsen makket syn keunstwurken fanút de gedachte dat al it materiaal om ús hinne in tydlike foarm hat en transformearre wurde kin. Sels in sterk, stabyl materiaal as stiel is oanienwei yn transysje en yn beweging en ûnderdiel fan in grutte omrin. Hy is dêrom ek ynteressearre yn dizze yndustriële syklus en hoe’t materialen yn ús maatskippij rûnbewege. De keunstner sjocht in parallel mei dizze syklus en de sirkulaasje fan de auto’s dy’t hieltyd om de rotonde ride. Op de rotonde is de skulptuer in statysk objekt midden tusken it ferkear. Dit kontrast is in symboal foar de pauze dy’t de keunstner kreëarre hat foar dit objekt yn syn syklus fan materiaal nei konsuminteprodukt en wer nei materiaal. De foarm fan de skulptuer waard bepaald troch de praktyske easken fan de autoyndustry: in rjochthoekich pakket, effisjint en te steapeljen. De keunstner hat it objekt net sels makke: yn stee fan makker is hjir de regisseur.

Oer de keunstner: Eirik Jahnsen (Noarwegen) studearre yn 2018 ôf oan Academie Minerva en docht op dit stuit de master Fine Arts oan it Frank Mohr Instituut yn Grins. Hy makket skulptueren en ynstallaasjes fan metaal. Stiel is in materiaal dêr’t hy graach mei wurket, it karakter en de eigenskippen fan it materiaal fassinearje him. Sûnder wat ta te heakjen of fuort te heljen transformearret Jahnsen it materiaal ta in nije foarm. Om dat dwaan te kinnen, makket hy him yndustriële masines en prosessen eigen en past se op syn eigen wize ta.


Foto: Nol Klis
Mei tank oan A.S.O. Metall- und Schrotthandel, Marretje Oldenburger, Sebian Lautenbach, Nima Pourtaran, Bûtentsjinst gemeente Ljouwert, Bram Bleeker, Klaas Koetje, Mannen van Staal, Nol Klis

Galerij