Skip to content

Edukaasje

Om ús keunstprojekten hinne organisearje wy geregeld edukaasjeprogramma’s. Dit dogge wy mei studinten fan de oplieding Docent Beeldende Kunst en Vormgeving oan NHL/Stenden. Ek binne wy yn 2021 begûn mei it jaan fan workshops by de azc-lokaasje yn Sint Anne. Oare plakken dêr’t wy workshops útfiere, binne Oldenije yn Ljouwert en Het Kompas yn Moddergat.

As ôfsluting fan de edukaasjetrajekten organisearje wy groepsrûnliedingen yn Kunstruimte H47. Dit fine wy in moaie manier om it makproses ôf te sluten en elkoar te moetsjen. Wy binne altyd yn foar it kreëarjen fan nije artistike ûnderfiningen. Hast ynteresse yn ús edukaasjeprojekt? Stjoer dan in mailtsje!

Foto 1: David Vroom
Foto 2: Honey & Antonio