Skip to content

Best Practice

VHDG Lokaal: Honey Jones-Hughes & Antonio de la Hera


VHDG

Kunstruimte H47

Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


Lopend onderzoek

ma, 01 mei 2023 / vr, 30 jun. 2023


Best Practice

Fan 1 maaie oant en mei 30 juny wurde de keunstners Honey Jones-Hughes en Antonio de la Hera tydlike bewenners fan Fryslân. Yn de twa moanne fan harren ferbliuw yn ús VHDG Lokaal geane Honey en Antonio fierder mei harren langrinnende artistike ûndersyk nei de agraryske sektor yn Nederlân. Hjir yn de provinsje sjogge se nei ferskillende skaalgrutten fan lânboubedriuwen, hoe’t boeren omgeane mei duorsumheid en de rol fan masines yn de agraryske sektor. Fragen dêr’t se harren mei dwaande hâlde sille, binne: Wêrom nimme boeren de besluten dy’t se nimme? As se foar it iene kieze, slute se dan ek wat oars út? En wa sil úteinlik de kosten drage? Oftewol: Wat is in ‘Best Practice’ einliks?


Nij haadstik: Fryslân
Op 1 maaie begjinne Honey en Antonio oan dit nije haadstik fan harren artistike ûndersyk yn Fryslân. De earste perioade bestiet foaral út ‘embedded practice’ (ûndersyk troch gearwurking mei groepen út de maatskippij), en bringe se de lokale lânbousektor yn kaart troch boeren en bedriuwen te besykjen. Fan 3 juny oant en mei 25 juny ferpleatst it ûndersyk him stapke foar stapke nei Kunstruimte H47: in keunstromte dêr’t je as besiker ynrinne kinne, mei it ûndersyk fan Honey & Antonio kennis meitsje kinne en yn ’e mande mei ús de ferskate best practices fan de boeren yn Fryslân ûntdekke sille. Oer wat der presys yn de romte barre sil, meitsje wy ûnder de ûntdekkingstocht fan Honey & Antonio mear bekend op dizze website en ús socials.

Honey en Antonio wurkje by harren residinsje ek mei VHDG oan in pilotprojekt: workshops mei mbû-studinten fan Aeres MBO yn Ljouwert. As ûnderdiel fan it fak Boargerskip sille Honey en Antonio ferskate lokaasjes besykje mei studinten Life Sciences, wat ek wer in ûnderdiel foarmet fan it artistike ûndersyk fan it duo.

‘Best Practice’
Yn Fryslân rjochtsje Honey en Antonio harren op hoe’t it stribjen nei in ‘Best Practice’ it lân en it wurkproses beynfloede hat. Binne der ferskillende fyzjes op de ‘Best Practice’, en as dat sa is, hokker? Hoe grut of hoe lyts wol/kin in lânboubedriuw wêze? Oan watfoar restriksjes sit in boer fêst om oan de eksterne easken te foldwaan en de ynterne kosten te dekken? Op hokker manieren kin in boer syn bedriuw duorsumer meitsje, en watfoar effekt hat dat op de effisjinsje fan it produksjeproses?

Sûnt de fyftiger jierren binne yn Nederlân alle dagen gemiddeld fjirtjin boeren ferdwûn, wylst de produksje krekt tanommen is. Hoe komt it dat de lânbousektor dy kant út giet? Hoe hawwe produsinten harren praktyk feroare om harren breawinning behâlde te kinnen? It ûndersyk fan Honey en Antonio wiist derop dat masines in sintrale rol spylje yn dat proses en in skaalfergrutting mooglik meitsje. Mar dy masines binne faak lang net goedkeap, en binne flinke útjeften foar lytse ûndernimmers. Om dy redenen is de masine in sterk symboal foar de ferskate aspekten dy’t om ’e hoeke komme by de ‘Best Practice’.

De opkomst fan masines
De ynfiering fan masines yn de lânbou hat boeren oer de hiele wrâld yn steat steld om de produksje te optimalisearjen, minsken rûtinemjittige taken út hannen te nimmen, swier wurk op in feilige manier út te fieren en it totale rendemint te ferbetterjen. Sa kinne boeren yn minder tiid en mei in relatyf bytsje mankrêft op folle gruttere skaal operearje.

Mar wylst oarspronklik de boerepraktyk de tapassingen fan de earste masines foarme hat, diktearje de masines hjoed-de-dei foaral just hoe’t it wurkproses derútsjocht. De yndustrialisearring, yn kombinaasje mei de druk om in maksimale output te berikken, hat de opfettingen oer wat de ‘Best Practice’ is drastysk feroare yn in sektor dy’t wrâldwiid sa kritysk folge wurdt.

100% ferantwurde
Sûnt 2020 wurkje Honey en Antonio tegearre oan projekten dy’t maatskiplike fraachstikken oansnije dy’t sy sels yn harren deistich libben tsjinkomme. Hoe geane wy as maatskippij om mei duorsumheid en miljeu? En hoe hawwe minsklike struktueren, sa as bygelyks de merkekonomy, dêr ynfloed op? Harren projekt BUURTIJS (2020-2022) brocht de lânbouyndustry om Rotterdam hinne yn kaart, mei as doel om in 100 prosint ferantwurde, lokaal iis te produsearjen. Se besochten op ’e fyts boeren, produsinten en túnders, om te learen oer de útdagingen en dilemma’s dêr’t dy alle dagen mei te krijen hawwe.

Tagelyk sammelen Honey en Antonio yngrediïnten wêrmei’t se dêrnei sels iis makken. It iis waard ferkocht op ferskate lytsskalige plakken yn ruil foar in solidariteitsbetelling: as besiker betellen je net foar it produkt, mar foar it diene wurk. Besikers krigen teffens in ferslach fan de reis dy’t elk yngrediïnt ôflein hie. It projekt rjochte him op fragen oer de duorsumheid en ûnôfhinklikheid fan de lânbouyndustry op fytsôfstân fan harren hûs: Watfoar besluten nimme ûndernimmers op it mêd fan duorsumheid en miljeu? Watfoar finansjele útdagingen, restriksjes en mooglikheden komme se tsjin? En hoe foarmet dat allegear byelkoar harren deistige arbeidspraktyk?

Folgje it ûndersyk fan Honey en Antonio yn Fryslân fia ús website en socials foar updates en foarderingen en kom tusken 3 juny en 25 juny del yn Kunstruimte H47 om de ûntdekkingstocht fan Honey en Antonio persoanlik by te wenjen. Gean yn petear mei de keunstners, diel dyn ideeën oer ‘Best Practice’ en lear yn ’e mande mei ús alles oer de keunst fan it boerebestean yn Fryslân.


Ofbylding út it ûndersyksargyf fan de keunstners: in side út "Ons Eigen Land" fan W. Bakker en H. Rusch, 1963, Zeist Dijkstra Verlag.

Stipe troch: Mondriaan Fonds, Gemeente Leeuwarden, Provincie Fryslan, Prins Bernhard Cultuurfonds, Fonds 21, Aeres MBO Leeuwarden

Best Practice posters

a:1:{i:0;s:54:"

Design: Honey Jones-Hughes & Antonio de la Hera

";}

Episode 1: De Streekboer

a:1:{i:0;s:158:"

Workshop MBO Aeres Leeuwarden - Sjoch foar it rapport op de Nederlânske of Ingelske webside

Foto's: Honey Jones-Hughes & Antonio de la Hera

";}