Skip to content

HEDEN: Ierde x Paradys


Kunstruimte H47

Kunstruimte H47
Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


HEDEN: Aarde x Paradys

do, 02 jun. 2022 - 19.30 / 22.00

a:1:{i:0;s:6:"€5,-";}


HEDEN: Aarde x Paradys

vr, 03 jun. 2022 / do, 23 jun. 2022

HEDEN: Aarde x Paradys: expo in H47


HEDEN: Ierde x Paradys

Sûnt 2014 organisearret keunstinisjatyf VHDG it evenemint HEDEN: in eksposysje-foar-ien-jûn mei trije keunstners en in sprekker om in aktueel tema hinne. Mei HEDEN sille wy mei in breed publyk oer dit tema yn petear oan ‘e hân fan hjoeddeiske keunst. Elkenien kin en is útnûge om mei te dwaan, te tinken en te praten. HEDEN set hjirmei oan ta kritysk tinken en ferbynt keunst mei wittenskip en filosofy: dêr út wei bliuwe wy kritysk sjen nei ús wrâld, mei it publyk as aktive petearpartner.

Mei de kommende edysje fan HEDEN sille wy sjen nei de relaasje tusken de minske, de Ierde en al ús meibewenners op Ierde. Meibewenners lykas bisten en planten, mar bygelyks ek stiennen, wetter en eins alles dat net minske is. Wy sjogge as minske nei de wrâld om ús hinne út ús eigen perspektyf wei. Wy sjogge ússels as in wêzen mei in bewustwêzen, dat himsels ûnderskiedt fan oare wêzens en saken op ierde. Wy binne it ‘subjekt’ en itjinge dat wy besjogge is in ‘objekt’. Dat makket fan de minskheid it heechste punt yn in hierargy. Wittenskippers, skriuwers en keunstners ûndersykje op dit stuit dit bewustwêzen fan de minske en oft dizze rangoarder yn hierargy wol doocht. Wat bart der as we dit omgoaie? As wy ris de perspektiven fan meibewenners fan dizze planeet (h)erkenne? Of dy sels as útgongspunt oannimme by it takkeljen fan beskate swierrichheden?

Op dizze wize soene wy wol ris in hiel oar ljocht werpe kinne op fraachstikken lykas de klimaatkrisis. Dat is nammentlik in probleem dat de hiele Ierde en al har bewenners oangiet en dêrom is it dus net echt fair om it allinnich út ús perspektyf wei te besjen, dochs? Wat bart der as wy soart-oerstiigjend tinke soene en it grutte gehiel besykje soene te oersjen? Ta hokker ynsjoggen soene wy komme as wy de tradisjonele hierargy loslitte, en de perspektiven fan oare soarten lykweardich stelle oan uzes?

Mei dizze edysje fan HEDEN neamd ‘HEDEN: Ierde’ sille wy besykje om hjir antwurden op te finen. Skriuwer en filosoof Eva Meijer sil in lêzing oer it tema jaan om de jûn yn te lieden. Dêrnei sjogge we hoe’t keunstners Lucie Draai, Diana Scherer (Paradys) en Bart Eysink Smeets in foarstel dogge om bygelyks in stien, in mikro-organisme of in woartelstelsel te beskôgjen as yts dat fielt, hannelet of sels makket. Om se te beskôgjen as ‘subjekt’. Wat as wy besykje te begripen wat sy wolle?

Hasto hjir ideeën oer en soest hjiroer mei prate wolle? Of liket it dy benammen nijsgjirrich wat der allegearre op tafel komt? Kom dan nei HEDEN: Ierde op tongersdei 2 juny!


Kurator: Sanne de Vries Design: Michiel Teeuw Partner: Paradys Fûnsen: Gemeente Leeuwarden, Provincie Frysân, Mondriaan Fonds, Bank Giro Loterij Fonds