Skip to content

NIMMENSLÂN / NO MAN’S LAND

VHDG Lokaal: SMET


VHDG

Heechterp

Beukenstraat 36a
8924 GK Leeuwarden


Werkperiode

do, 28 sep. 2023 / zo, 03 dec. 2023


NIMMENSLÂN / NO MAN’S LAND

Mei it keunstprojekt ‘Nimmenslân / No Man’s Land’ iepenet it keunstnersduo SMET dit neijier in keunstromte foar de buert yn de wyk Heechterp fan Ljouwert, oan de Beukestrjitte 36a. Yn in leechsteand appartemint, dat meikoarten plak meitsje sil foar nijbou, bringe sy in programma oer de skiednis fan de wyk en harren bewenners en hoe’t se harren hjoed en takomst staljaan kinne troch romte te easkjen. Dit wenhûs, as in tydlik ‘nimmenslân’ toant net allinnich de kleau tusken it âlde en it ûnwisse perspektyf foar de bewenners fan de wyk, mar lit ek de krêft en mooglikheden sjen fan in tuskenspul; dat wat dertusken komt en wegeret te konformearjen. Yn oktober organisearret SMET workshops om ferhalen en bylden fan de wyk te sammeljen oer dy tema’s, en yn novimber wurdt it wenhûs iepensteld foar it publyk as projekt- en tentoanstellingrûmte.

Gjin Goaden, Gjin Hearen
Dit projekt ûntstie ûnder it eardere ferbliuw fan SMET yn Ljouwert yn 2022, doe’t se ûnder de titel ‘Gjin Goaden, Gjin Hearen / No Gods, No Masters’ de skiednis fan Ljouwert ûndersocht. Dit eardere wurk rjochte him op skiednissen yn de kontekst fan ferskate ‘Fryske identiteiten’, alternative utopyen, en taeigene plakken. Se ûntdutsen ferburgen ferhalen oer lokale politike bewegingen, kreakbewegingen en de ynfloed fan mienskippen op stedsûntwikkeling. Under dit ferbliuw kamen se ek yn ’e kunde mei bewenners fan de wyk Heechterp en belutsenen by de kommende wykfernijing, dêr’t yn de kommende jierren 576 âldere wenten ferfongen wurde troch nijbou.

De Takomst fan Heechterp
De takomst fan Heechterp is ûnderwerp fan diskusje. De ôfbraak en fernijing fan wenten, en ek de werynrjochting fan iepenbiere romten, bringe grutte feroarings mei foar de wyk. Net alle bewenners sjogge dizze feroarings posityf, benammen omdat net elkenien tagong hawwe sil ta de nije wenten. Dit bedrige it sosjale weefsel fan de wyk. Mar Ljouwert hat earder mominten kend fan djipgeande stedsfernijing mei kollektive aksjes dy’t de soargen en dreamen fan lokale bewenners foarop setten. Troch te sjen nei it ferline en it hjoed, fungearret Beukestrjitte 36a as in satellyt dy’t ferhalen en mieningen fan wykbewenners fêstleit en ferspriedt, en sa in brekline foarmet dy’t ferskate ideeën en oertsjûgingen oer it ferline en de takomst fan de wyk bleatleit.

Programma
Yn dizze tydlike thúsbasis ûndersiket SMET mei workshops en keunstynstallaasjes hoe’t in plak bydraacht oan in kollektyf selfbyld en wêrom’t it essinsjeel is om romte te hawwen om byinoar te kommen en jo stim hearre te litten.

Yn gearwurking mei keunstners wurde der ûnder mear shirts bedrukt mei Cengiz Mengüç en wurdt der in rige ljochtpanielen makke mei Rogier Smal. Mei Johan in ‘t Hout organisearret SMET twa workshops foar studinten fan MBO Aeres en buertbewenners, mei harren identiteit en plak yn de wyk as tema. As part fan it fak Boargerskip wurde de studinten meinaam yn de politike spanningsfjilden yn de wyk.

Yn novimber krijt Beukestrjitte 36a ek de funksje fan tentoanstellingsromte. Yn de wykeinen is de romte iepen foar in breed publyk en kinne jo troch middel fan bylden, ynstallaasjes, publikaasjes en in publyksprogramma dielnimme oan it projekt fan SMET en bydrage oan it ferhaal fan Heechterp. Hâld ús webside en sosjale media yn ‘e gaten foar updates oer it programma.

Feestelijke Opening
Bij deze nodigen we je graag uit voor de feestelijke opening van de tijdelijke kunstruimte ‘NIMMENSLÂN / NO MAN’S LAND’ door het kunstenaarsduo SMET op vrijdag 3 november om 16:00!

Aan de Beukenstraat 36a in de wijk Heechterp, Leeuwarden is gedurende de maand november een leegstaand appartement ingericht als kunstruimte die de zorgen en dromen van bewoners presenteert, wier wijk binnenkort gesloopt zal worden en plaats zal maken voor nieuwbouw. Om deze samen feestelijk te openen, ontvangen we jullie op vrijdag 3 november vanaf 16:00 graag bij het Bewonersbedrijf Heechterp Schieringen. Vanaf 16:30 vertrekken er verschillende rondleidingen van het Bewonersbedrijf naar de tentoonstelling. Vanaf 18:00 nodigen we u van harte uit voor een warme maaltijd. We hopen je te zien bij de opening van ‘NIMMENSLÂN / NO MAN’S LAND’!

Programma: 16:00: Start opening 16:15: Welkomswoord 16:30: Start rondleidingen 18:00: Diner Wanneer: vrijdag 3 november Waar: Stichting Bewonersbedrijf Heechterp Schieringen Wilgenstraat 6, 8924 EN Leeuwarden Tijdelijke kunstruimte ‘NIMMENSLÂN / NO MAN’S LAND’ Beukenstraat 36a, 8924 GK Leeuwarden

Jo binne fan herte wolkom om in besite te bringen oan ‘NIMMENSLÂN / NO MAN’S LAND’ yn novimber op sneon en snein fan 12:00 oant 17:00 oere oan de Beukenstraat 36a.


Design: Michiel Teeuw Stipe troch: Mondriaan Fonds, Gemeente Leeuwarden, Provincie Fryslan, Prins Bernhard Cultuurfonds, Fonds 21, Aeres MBO Leeuwarden

Lichtkrant SMET

Openingsweekend SMET in Heechterp 3 november 2023

a:1:{i:0;s:26:"

Foto's: Nienke Maat

";}