Skip to content

SRV #9: Contemporary Glory

Frankenstein in Friesland



Residentieperiode 2

zo, 01 okt. 2023 / vr, 17 nov. 2023


Première SRV film & VHDG kerstborrel

za, 16 dec. 2023 - 17.00 / zo, 17 dec. 2023 - 17.00


SRV #9: Contemporary Glory

Kom nei de premjêre fan de film en it feestlike VHDG Krystborrel yn it wykein fan 16 en 17 desimber! Mear ynfo ûnderoan dizze side.!

Al njoggen jier reizget ús reizgjend keunstatelier troch Fryslân. Eartiids in âlde SRV-wein, no in omtovere brânwachtauto. Ûnderweis meitsje keunstners dy’t achter it stjoer sitte nije keunstwurken, ynspirearre troch de lokale omjouwing en moetingen mei ynwenners. Ek dizze hjerst geane keunstners op paad en presintearret VHDG: Contemporary Glory, besteande út Charlien Adriaenssens en Louis van der Waal. Yn de moanne oktober reizget Contemporary Glory mei it reizgjende atelier fan VHDG troch de provinsje. Klaaid yn opfallende kostúms, mei maskers op en fassinearre troch yntrigearjende objekten, probearje se de gewoanwei ûnsichtbere barrens fêst te lizzen. Yn in tocht omheech nei it hert fan Fryslân meitsje se in film fan absurde, net-alledeiske en byldzjende sênes fan, oer en mei Fryslân.

It ferhaal fan Frankenstein
As útgongspunt foar harren filmprojekt yn Fryslân nimt Contemporary Glory it ferhaal fan Frankenstein. Mary Shelley skreau dizze eardere sciencefiction-klassiker yn 1818, en mei tal fan oanpassings nei toanielstikken, films en searjes waard Frankenstein in ikoan yn de Westerske populêre kultuer. Elkenien ken it byld fan it meunster dat bestiet út oanelkoar naaide lichemsdielen en troch de wjerljocht ta libben roppen. It keunstnersduo nimt de oarspronklike tekst as útgongspunt foar harren film en stapt yn it perspektyf fan it meunster en syn syktocht nei oansluting.

Frankenstein is skreaun yn de neidagen fan de Europeeske Ferljochting en it begjin fan de Romantyk. Yn de makkerer fan it meunster, Victor Frankenstein, yn syn ambysjes en kreaasje sjogge wy beide yntellektuele streamingen dúdlik werom. Oan de iene kant is Frankenstein in ferhaal oer in ambisjeuze wittenskipper dy’t tinkt de mystearjes fan it libben en dea te ûntsluten en de natuer te behearskjen mei minsklike yntelligensje. Mar koart nei’t er fan wat deas wat libbens makke hat en it meunster libben wurdt, krijt Frankenstein te meitsjen mei de ûnkontrolearbere gefolgen fan syn kreaasje en it (natuer)geweld dat er dêrmei teweibrocht hat.

Frankenstein yn Fryslân
Nei it skeppen fan twa unike wêzens begjint in keunstsinnich pear te knoffeljen mei twivels en in writend skuldgefoel oer de werklikheid dêr’t harren neiteam mei te krijen hat. De driging fan oanstoarmjende klimaatkatastrofen smyt in somber skaad oer de takomst fan harren leafste kreaasjes. Wisberet om in better libben te finen foar harren twa pasjonearre ‘bern’, beslute se in reis te meitsjen nei Fryslân: in plak dêr’t gelok foarop stiet en it lân him moedich tsjin de oprukkende see ferset. De Friezen ûnderhâlde in riedseleftige bân mei de oseaan. Eartiids wie Fryslân in útstrekte kwelder dy’t faak by floed ûnder wetter rûn, wêrnei’t de Friezen harren weromlutsen nei harren terpen. Dy skiednis hat de mysterieuze see bliuwend fêstlein yn de siel en libbensstyl fan de Friezen. Yn harren syktocht nei in nij begjin belânje se yn in aventoer mei in fêstrûne walfisk, dûnsjende ierappels en in blau golvjende fanfare. Hoe sil de reis fan de Frankensteinfamylje útpakke? Sille se omearme wurde troch de mienskip fan dizze noardlike provinsje en einliks har langferwachte bettere takomst fine?

Doch Mei!
Yn de betoverjende doarpen fan Drylts, Wânswert, Nes, Beetstersweach en tal fan oare Fryske pearels, sil de Frankensteinfamylje yn de hiele moanne oktober tefoarskyn komme om de mysterieuze sênes fêst te lizzen. Ofts no in pasjonearre doarpsbewenner bist, in stikem talint, in doarpsdiva, in garaazjemuzikant, in ferlegen nijsgjirrige geast, of gewoan in aparten bist — Contemporary Glory nûget doarpsbewenners, ymportfriezen en alle oare avonturiers út om in rol te spyljen yn dit mysterieuze spektakel.

Bliuw op ‘e hichte fan ‘Frankenstein yn Fryslân’ troch ús webside. Asto graach meidwaan wolst en yn kontakt komme wolst mei ús talintearre keunstners, stjoer dan in e-mail nei contact@vhdg.nl


Programma: (Het programma kan nog wijzigen/uitbreiden, houd de website in de gaten voor de meest recente versie)

(Je kan komen en gaan naar eigen beschikbaarheid, we gaan werken met o.a. naaimachine, papier-maché, verf, etc. Ervaring niet vereist!)

4 oktober, 10:00 – 12:00, Locatie: Het Lage Noorden
Bouw mee aan kostuums en decorstukken voor de Film Frankenstein in Friesland

(Je kan komen en gaan naar eigen beschikbaarheid, we gaan werken met o.a. naaimachine, papier-maché, verf, etc. Ervaring niet vereist!)

5 oktober, 10:30 – 14:00, Locatie: Hogebeintum, kerk
Filmdag en interactief optreden, kom kijken en speel mee!

We gaan filmen met o.a. Berber, iemand die we leerden kennen in Het Lage Noorden en die ook theater speelt. We vertrekken vanuit 1 van haar lievelingsscenes! We gaan van 11:00 – 12:00 filmen in Wanswert (start locatie: kerk) en van 13:00 – 14:00 in Hogebeintum (start locatie: kerk)

Mensen die ons willen volgen zijn welkom! Mensen die willen meedoen, graag een half uur van tevoren ter plaatse!

10 oktober, Locatie: Ee Gracht/stadscentrum Ijlst/tussen Snackbar de Witte Kat en B&B Nooit Gedagt
Familie Frankenstein klimt op ladders om zichzelf te vinden en de omgeving te ontdekken. Kom kijken!

13 oktober, 12:50 – 15:00, Locatie: Wierum, Mariakerk
Met jullie wil de Familie Frankenstein op vrijdag 13 oktober een grote vis doen bewegen door de straten en op de dijk van Wierum! De vis komt uit de Mariakerk en wordt als een groot kostuum gedragen door zo veel mogelijk mensen! (Het filmen duurt tot uiterlijk 15:00, doe mee zo lang je kan! Alle leeftijden welkom, ervaring niet vereist, taal maakt niet uit!)

Na 15:00 is de vis te zien bij de Theaterkerk in Nes!

14 oktober, 17:30 – 19:30, Locatie: Nes, Theaterkerk
De grote vis is in Nes!

17 oktober, locatie: Beetsterzwaag (meer info volgt)

17 oktober, locatie: Beetsterzwaag
Doe mee in de film! Stuur een bericht op Instagram naar @contempraryglory, of mail naar contact@vhdg.nl

22 oktober, overdag, locatie: in de buurt van Ferwert
Doe mee in de film! Stuur een bericht op Instagram naar @contempraryglory, of mail naar contact@vhdg.nl

23 oktober, overdag, locatie: in de buurt van Workum
Doe mee in de film! Stuur een bericht op Instagram naar @contempraryglory, of mail naar contact@vhdg.nl

24 oktober, vanaf 13:00, locatie Wierum, Mariakerk
Doe mee in de film! Stuur een bericht op Instagram naar @contempraryglory, of mail naar contact@vhdg.nl

26 oktober, locatie: Sint Annaparochie, AZC
Niet vrij toegankelijk, alleen voor bewoners AZC

10 november, locatie: Leeuwarden, Stadskas
Wil je ook graag onderdeel zijn van ‘Frankenstein in Friesland’? Dan zoekt de Familie Frankenstein jou! Met jullie wil Contemporary Glory op vrijdag 10 november een scene gaan opnemen op het Oldehoofsterkerkhof in Leeuwarden.

We hebben ZO VEEL MOGELIJK mensen nodig, dus twijfel niet en kom gezellig meedoen!

Datum: vrijdag 10 november
Locatie: Oldehoofsterkerkhof
Tijd aanwezig: 15:45
Tijd filmen: 16:00

Afsluitend is er een gezellige borrel met hapjes en drankjes waar we nog met z’n allen kunnen napraten!

Het filmen duurt tot uiterlijk 18:00, doe mee zo lang je kan! Alle leeftijden welkom, ervaring niet vereist, taal maakt niet uit!

17 november, vanaf 15:00, locatie: Ijlst, winter-pizza-feest van campsite Koekoek en de Waard
Doe mee in de film! Stuur een bericht op Instagram naar @contempraryglory, of mail naar contact@vhdg.nl

Première SRV film & VHDG kerstborrel

Kom ook naar het feestelijk première weekend van 16 en 17 december in Toon! Op 16 december zal de allereerste vertoning plaatsvinden van de film die de kunstenaarsfamilie Contemporary Glory al reizend door Friesland gemaakt heeft. Onder de naam ‘Frankenstein in Friesland’ poogden ze opzoek te gaan naar de ziel van Friesland, samen met, over en voor de Friezen. Hoe dit proces verliep en waar ze uiteindelijk op uitgekomen zijn? Kom langs bij de première en wees een van de eersten om dat uit te vinden!

Gepaard met deze première hebben we ook een VHDG kerstborrel georganiseerd. Samen met jullie willen we graag dit jaar feestelijk afsluiten en kerstige sferen. Het beloofd zoals altijd weer erg gezellig te worden, dus kom vooral langs! Op zondag 17 december zal de film nog enkele malen vertoond worden en kun je langskomen om deze te bekijken. Bekijk hieronder het programma van de avond.

Iedereen is van harte welkom, maar er zijn maar een beperkt aantal plekken beschikbaar, dus laat wel even weten of je erbij bent via dit reserveringsformulier!

Zaterdag 16 december:
17:00: Inloop
18:00: Welkomstwoord
18:30: Première film
19:00: Artist talk en Q&A
19:30: Kerstborrel

Zondag 17 december:
14:00 – 17:00: Doorlopende vertoning van de film

Locatie: Toon, Ruiterskwartier 6, Leeuwarden




Design: Niels Lunter Stipe troch: Mondriaan Fonds, Gemeente Leeuwarden, Provincie Fryslan, Het Nieuwe Stads Weeshuis, VSB Fonds