Skip to content

Open call: COLLECTIVE

Artist in Space: Kunstinitiatief VHDG x Kunsthuis SYB


VHDG

Online


do, 01 apr. 2021 / ma, 31 mei 2021


Open call: COLLECTIVE
  • Wa: profesjonele byldzjend keunstners, skriuwers en/of keunstkritisy yn Noard-Nederlân.
  • Wat: 8 wyklikse meetings fan 2 oant 3 oere.
  • Wêr: online
  • Wannear: Deadline 17 maart om 17 oere; start programma 6 april
  • Taal: Ingelsk en/of Nederlâsk
  • Fergoeding: alle dielnimmers krije in fergoeding fan €300 ynkl. BTW foar dielnimming, skriuwers ûntfange in ekstra fergoeding fan € 200 ynkl. BTW foar de te skriuwen tekst.

Bisto al in oantal jierren oan it wurk as byldzjend keunstner, en hast ferlet fan in good old wurkbesprek, it útwikseljen fan ideeën en it útwreidzjen fan dyn netwurk? Doch dan mei oan COLLECTIVE, organisearre troch Kunsthuis SYB (Beetstersweach) en Kunstinisjatief VHDG (Ljouwert). Yn in searje online byienkomsten moetest in lytse groep oare keunstners en sikest doelmjittich nei nije perspektiven op dyn wurk en beropspraktyk. Op elke wyklikse sesje mei dyn kollektyf dielt ien fan de leden syn/har wurk, om it dêrnei te besprekken yn de groep. Oan elke groep wurdt ek in keunstkritikus of skriuwer keppele, dy’t dielnimt oan de presintaasjes en besprekkingen en oan ’e ein fan de rige in artikel of essay skriuwt oer it wurk fan de dielnimmers en de besprutsen tema’s.

Alle kollektive moetsje inoar yn in start- en einbyienkomst: dyn eigen groep sjochst alle wiken. Foar de wurkbesprekkings wurdt gebrûk makke fan in yn it foar bepaald feedback format, dat yntrodusearre wurdt yn de startbyienkomst. Dizze metoade is derop rjochte om dielnimmers romte te jaan harren wurk te presintearjen en om alle dielnimmers mei diele en leare te litten yn dit proses.

Der is plak foar op syn meast 20 keunstners en 5 skriuwers. Meld dy oan troch dit folgjende formulier yn te foljen. VHDG en SYB selektearje de dielnimmers op grûn fan harren motivaasje. Yn ’e wike fan 24 maart krijst berjocht oer dielnimming oan dit programma, op tiisdei 6 april is de start-meeting fan 10:00 – 12:00 oere.


Design: Michiel Teeuw

VHDG en Kunsthuis SYB organisearje dit projekt yn it ramt fan Artis in Space (de Noordenaars), om keunstners de gelegenheid te bieden harren netwurk te fergrutsjen en harren praktyk te ferdjipjen en te ûntwikkeljen. COLLECTIVE wurdt mooglik makke troch We The North en it Mondriaan Fonds.

Gallerij