Skip to content

Rotonde: Alexander Laner

Full Please!


VHDG

Rotonde Julianalaan

Rotonde Julianalaan, tegenover Curioskerk en Julianapark


Rotonde Expositie

vr, 31 mrt. 2023 / wo, 31 mei 2023


Rotonde: Alexander Laner

Yn de maitiid fan 2023 presintearret VHDG in nij bjusterbaarlik keunstwurk op de rotonde fan de Julianalaan yn Ljouwert: Full Please! fan keunstner Alexander Laner (DE). Ut dyn auto wei, fanôf dyn fyts of rinnend kinst yn de moannen april en maaie dizze bysûndere fontein bewûnderje.

Mei Full Please! transformearret Alexander Laner alledeiske húshâldlike en yndustriële apparaten en gebrûksfoarwerpen nei in boartlike keunstynstallaasje mei in kritysk boadskip. Yn de wurden fan de keunstner: “in iroanyske hulde oan it eksessive ferbrûk fan fossile grûnstoffen yn in maatskippij dy’t him hieltyd mear ekologysk bewust is.” Want it motorfermogen fan auto’s wurdt hieltyd grutter, langeôfstânsreizen wurde kompensearre mei fleanskamte en CO2-kompensaasje en it ferbrûk fan fossile grûnstoffen nimt alle jierren ta. Hoewol’t de westerske minske him hieltyd mear bewust is fan de tichterby kommende klimaatramp, bliuwt it dreech om ús libbensstyl en gewoanten oan te passen en ferdwine fossile brânstoffen mar min út ús deistich libben.

Alexander Laner is berne yn 1974, hy wennet en wurket yn München. De keunstner hat yn syn thúslân meardere prizen en stipendia krigen, ûnder oaren de Förderpreis fan München en de Bayerischer Kunstförderpreis. Laner hat in ferskaat oan ymposante site-specific keunstwurken yn de publike romte op syn namme stean. Yn dy spektakulêre en gewichtige wurken, mei in soad humor en aktualiteit, transformearret er in besteand objekt yn wat totaal nijs – sa as in komplete carwash, dy’t tydlik as hellepoarte fungearre, of in sokkel fan in monumintaal stânbyld dat fan binnen omtsjoend wie ta in folslein ynrjochte appartemint.

Op 31 maart 16:00 oere is de offisjele feestlike ûntbleating fan ús nije rotonde-keunstwurk; de fontein fan Alexander Laner. Kom lâns en ûntdek alle ferskillende kanten fan Full Please! sels.


Foto: Alexander Laner

Onthulling Full Please!

Onthulling Full Please!

a:1:{i:0;s:26:"

Foto's: David Vroom

";}